KNVB-spjelde foar Paauw

Oedse Paauw kriget KNVB-ûnderskieding © VV De Lauwers
Frijwilliger Oedse Paauw hat sneon de gouden spjelde fan de KNVB krigen foar syn ynset by fuotbalklup De Lauwers yn Warfstermûne. Paauw krige de ûnderskieding by de nijjiersresepsje fan de fuotbalklup út hannen fan Henk Hoving fan de KNVB.
Paauw wie ûnder oare 25 jier wedstriidsikretaris, lieder fan ferskate alvetallen, spiler en toernoai-organisator. De gouden spjelde is de op twa nei heechste ûnderskieding fan de KNVB.