Aksje tsjin keal Gytsjerk

06 jan 2014 - 12:49

Gytsjerkers binne lilk omdat it sintrum fan it doarp der nei fyftjin jier noch altyd keal by leit. De ynwenners wolle dat dêr feroaring yn komt en se hawwe in ludike aksje betocht. Doarpsbewenners kinne harren krystbeam op it keale stik grûn plantsje. Op it stuit stean der 125 beammen.

Doarpsbelang kaam moandei ek mei in foarstel foar in leefber sintrum. Dêr soe plak wêze moatte foar in nije supermerk, in doarpshûs en sealromte foar aktiviteiten lykas brulloften. Doarpsbelang is dêroer yn petear mei de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)