Winst UNIS Flyers yn Geleen

© Nicolien Sijtsema
De UNIS Flyers ha ek de twadde wedstriid fan dit wykein wûn. Yn Geleen waard de thúsploech mei 5-1 ferslein. Joey Oosterveld, Jade Galbraith en Nick Kuiper wiene de doelpuntemakkers foar de Feansters yn de earste perioade. Geleen koe der ien goal tsjinoer stelle. Yn de twadde perioade waard it troch Andrew Krelove en Brent Janssen 5-1 foar de Flyers. Yn de tredde perioade waard net mear skoard. De UNIS Flyers bliuwe tredde yn de stân, mar ha HYS Den Haach yn it sicht.