Rick Hofstra goed op Lakeside

De Snitser darter Rick Hofstra hat mei gemak de twadde omloop fan it grutte dartstoernoai Lakeside yn Grut-Brittannië helle. Yn de earste onloop wûn er mei 3-0 fan Remco van Eijden. Syn tsjinstanner út Zaandam wûn gjin inkele 'leg'. Nei in healoere wie de partij dien. It is foar Hosfstra de tredde kear dat er meidocht oan it toernoai fan de BDO (British Darts Organisation). De earste twa kear siet it toernoai der nei de earste omloop op.