Stroetinga wint 5e NK maraton

Arjan Stroetinga is de nije Nederlânsk kampioen op de maraton. Yn Dronten wist de rider fan Waskemar snein konkurrint Gary Hekman yn de einsprint krekt foar te bliuwen. It tredde plak wie foar Frank Vreugdenhil. It is al wer de fyfde nasjonale titel foar Stroetinga.
De wedstriid by de manlju begong mei in minút stilte foar Sjoerd Huisman, dy't moandei hommels ferstoar oan in hertstilstân. Dêrnei holden de riders in eareronde foar Huisman. De nasjonale titel waard troch Stroetinga dan ek mei ekstra emoasje fierd.