Sjees oer de kop by Faderpaard

05 jan 2014 - 17:24
  • De tariedings foar Faderpaard

By de repetysjes foar Faderpaard yn it WTC yn Ljouwert is sneintemiddei in sjees oer de kop slein. Der rekke nimmen ferwûne. De tariedings foar de muzykteatershow Faderpaard binne yn folle gong. De útfiering fan it spektakelstik is tongersdei en freed yn it WTC yn Ljouwert.

Faderpaard wurdt opfierd yn it ramt fan it 135-jierrich bestean fan it Friesch Paarden Stamboek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)