Grut turnfeest op De Lemmer

05 jan 2014 - 15:13

It turnjen yn Nederlân sit sûnt de gouden medalje fan Epke Zonderland op de Olympyske Spelen flink yn de lift. Dat wie snein ek te sjen oan it tal dielnimmers fan it Grutte Gymnastykfeest op De Lemmer. Sa'n 350 bern út it hiele lân kamen op it sportevenemint ôf. In pear bern hienen sels in moarnsbrochje mei harren sportheld wûn.

It grutte gymfeest is foaral bedoeld om mear jongeren oan it sporten te krijen. It sukses fan Epke hat dêroan bydroegen dat it oantal jonges dat oan turnjen docht is ferdûbele nei 6000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)