Dronken mei auto yn de sleat

05 jan 2014 - 12:45
  • Autoride ûnder ynfloed

In man fan 33 út de gemeente Dongeradiel moast sneontejûn syn rydbewiis ynleverje, neidat hy by Holwert mei drank op mei syn auto de sleat yn riden wie. De warskôge plysjes seagen de man by syn auto op de Ljouwerterdyk stean. De man bewearde dat hy in pear bierkes foar de skrik nommen hie en dat it ûngelok al in oere lyn bard wie.

Spitigernôch wie de plysje tsien minuten earder ek oer de Ljouwerterdyk riden en doe lei der noch gjin auto yn 'e sleat. In alkoholtest makke dúdlik dat de man tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)