Anco Jansen net nei Cambuur

SC Cambuur © Omrop Fryslân
Cambuur is der net yn slagge om fuotballer Anco Jansen fan De Graafschap oer te nimmen. De klup út Doetinchem wiisde it oanbod fan de Ljouwerters ôf. Cambuur-foarsitter Ype Smid toande him teloarsteld oer de hannelwize fan De Graafschap. Smid twittere lulk oer it bytsje fatsoen dat de Achterhoekers yn it saken dwaan oan de dei lein hawwe soenen.
Cambuur grypte de ôfrûne wike ek al neist Vitesse-spiler Tighadouini. Dy keas úteinlik foar NAC Breda.