Rêstige betinking foar Argos

05 jan 2014 - 11:36

Sa'n 15 minsken wiene sneontejûn by de protestbyienkomst op it Saailân, dy't hâlden waarden foar de deastutsen hûn Argos fan Maria Bons. De organisaasje wie yn hannnen fan de Strijders van het Licht, dy't leafde preket. Doel fan de byienkomst wie om in oere stil yn de kring te stean.

Argos wie de hûn fan Maria Bons, dy't mids desimber mei har seis bern yn Ljouwert op strjitte bedarre. Se hie de hûn ûnderbrocht by kunde, mar dy hawwe it bist deastutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)