Unrêstige nacht yn Dokkum

05 jan 2014 - 10:46
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

Twa Dokkumers fan 34 en 23 binne sneontenacht troch de plysje yn de boeien slein, omdat se foar problemen soargen. De manlju wiene earder yn it sintrum fan de stêd fuortstjoerd, mar dûkten letter toch wer op en besochten in kafee yn te kommen, wylst dat al sluten wie. It duo liet him net fuortstjoere troch de plysje.

Doe't se úteinlik oanhâlden wurde soene, naaiden se út. De jongste koe al gau pakt wurde, de oare waard letter yn in hús fûn. Beide fersetten har bot tsjin harren arrestaasje. Se binne meinommen nei it buro en ynsletten.

In 19-jierrige man út Ternaard bedarre ek yn Dokkum yn de sel. Hy foel de plysje lestich dy't oan it fûillearjen wie. Hy krige prosesferbaal foar it beledigjen en lestich fallen fan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)