Goud Knegt en Ter Mors op 1500

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Sjinkie Knegt en Jorien ter Mors ha op de earste dei fan it NK shorttrack yn Amsterdam daliks taslein. Beide wûnen de iepeningsôfstân, de 1500 meter. Bantegeaster Knegt rekene yn de finale ôf mei Niels Kerstholt en Freek van der Wart. Ter Mors krige Yara van Kerkhof en Rosalie Huisman oan wjerskanten njonken har op it poadium. By de manlju waard Itzhak de Laat fan Ljouwert sechsde. Rianne de Vries fan Lúnbert waard fjirde by de froulju.