Boarger belûke by weryndieling

De Fryske boarger moat folle mear belutsen wurde by it proses fan de gemeentlike weryndielingen yn ús provinsje. Dat sei steatelid Annigje Toering sneon by de start fan de ferkiezingskampanje fan de FNP yn Frjentsjer. Har útspraak is opfallend, omdat de kommissaris fan de Kening John Jorritsma it tsjinoerstelde seit. Jorritsma fynt krekt dat gemeenten har folle mear ynsette moatte om ta in gearwurking te kommen.
De FNP fynt dat eardere weryndielings tefolle fan boppe ôf regele binne en dat dat yn de takomst oars moat.