Rick Hofstra op WK-darts

Rick Hofstra yn aksje by de Six Nations Cup
Darter Rick Hofstra fan Snits stiet snein foar de tredde kear op it WK fan de British Darts Organisation. De foarige optredens fan Hofstra op de WK 's fan 2004 en 2005 wiene net hiel súksesfol. Hy gie doe tsjin Mervin King en Tony West ûnderút. Hofstra hat no wol knap lotte, hy begjint tsjin in oare Nederlanner, Remco van Eijden út Zaandam.
Dartsbûn BDO is de tsjinhinger fan de PDC, it bûn dêr't Michael van Gerwen op nijjiersdei de titel fan wûn. It WK fan de BDO wurdt ek wol Lakeside neamd en bestiet langer as de PDC.