Blessuere by Sybren Jansma

04 jan 2014 - 14:44
  • Sybren Jansma

Bobslider Sybren Jansma hat freed by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Winterberg in lichte blessuere oprûn. Yn de wedstriid waarden Jansma en Edwin van Calker 21e yn de twamansbob.

It duo hat noch twa kânsen om him te pleatsen foar de Olympische Spelen fan febrewaris. Jansma hat dêrom sneon ek net meidien yn de fjouwermansbob, dy't al pleatst is foar de Spelen. Jansma is ferfongen troch Yannick Greiner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)