Minne hannel yn brûkte auto's

04 jan 2014 - 11:56

It giet min mei de ferkeap fan twaddehânsk auto's yn ús provinsje. Dat seit Gert Jaspers fan Auto Joure XL. It bedriuw op De Jouwer is ien fan de grutste twaddehânsk autodealers yn Fryslân. It ôfrûne jier hat it bedriuw sa'n 150 auto's minder ferkocht as in jier earder.

Yn it begjin fan de ekonomyske krisis waarden krekt mear brûkte auto's ferkocht, mar ek dizze sektor krijt it no swier. Jaspers seit dat Friezen langer yn harren auto's trochriden bliuwe. Lanlik leit de ferkeap fan twaddehânsk auto's 3% leger as yn 2012.

Trefwurden: 
autohannel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)