Ferwûne by oanriding Drylts

04 jan 2014 - 11:47

By in ûngelok op de Lemmerwei by Drylts is sneontemoarn ien persoan ferwûne rekke. It slachtoffer ried fan de Sudergoawei de Lemmerwei op en waard yn de flank rekke troch in oare auto.

De bestjoerder rekke beknypt en is troch de brânwacht út de auto helle. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)