Skip tsjin brêge Skûlenboarch

04 jan 2014 - 11:02

In skip hat freedtejûn de brêge fan Skûlenboarch by Jistrum rekke. De brêge wie dêrtroch goed twa oeren ticht foar al it ferkear.

Nei ynspeksje die bliken dat allinnich it remmingswurk, dat de konstruksje fan de brêge beskermje moat, stikken wie. De brêge sels hat gjin skea. Rykswettersteat sil it remmingswurk meitsje.

Trefwurden: 
brêge Jistrum Skûlenboarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)