Winst Flyers yn ekstra tiid

03 jan 2014 - 22:31

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha de topper tsjin HYS Den Haach mei 3-2 wûn. Dax van de Velden makke op oanjaan fan Kevin Bruijsten yn de ferlinging de winnende Feanster goal. Op it eigen Thialf-iis sette Sander Dijkstra mei twa skoares de thúsploech op foarsprong. Nick Anderson en Les Reaney soargen foar lykwicht yn de twadde perioade. Yn it tredde part foelen der gjin goals. De Flyers bliuwe tredde achter Tilburch en Den Haach. Sneintejûn is de útwedstriid tsjin Geleen.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)