Minder leden ûndernimmersklup

03 jan 2014 - 20:53

De commerciële club, de ûndernimmersferiening fan Ljouwert, hat al in tal jierren te krijen mei krimp. Op dit stuit binne der sa'n 360 leden en dat oantal rint noch altyd werom. Goed tsien jier lyn wienen der noch sa'n 600 ûndernimmers lid fan de klup. It grutste part fan de leden fan hjoed-de-dei komt út de saaklike tsjinstferliening. Neffens foarsitter Ruud Glas is it foaral de maakyndustry dy't it ôfwitte lit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)