Himp fûn yn Ljouwert

03 jan 2014 - 16:49

De plysje yn Ljouwert hat freedtemiddei oan de Apollowei nei in anonime tip in himpplantaazje yn in loads oantroffen. Fiif manlju út Ljouwert yn de leeftiid fan 28 oant 44 jier waarden op 'e die betrape. Der waard sa'n 40 kilo himp oantroffen en der binne sa'n 150 planten fûn. De himp is yn beslach naam en de planten binne ferneatige. Ek binne der noch twa auto's yn beslach naam.

Alle fiif fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)