Heien Drachten kin trochgean

04 feb 2012 - 12:09

It slaan fan de heipeallen op it Riedhúsplein yn Drachten bliuwt binnen de noarmen sa't dy by de bou ôfpraat binne. Dat hat fan 'e wike bliken dien by de earste testen. Op it plak fan de sloopte winkels en huzen komme 170 huzen, in parkeargaraazje foar 700 auto's en 2100 kante meter oan winkels.

De bouwer mei fanwege de trillings gjin gewoane heipeallen brûke, mar slacht metalen buizen de grûn yn, dy't letter folpompt wurde mei beton. Fanwege de froast wurdt it beton flak foar it stoarten opwaarme.

Mei-elkoar binne 1900 sokke peallen nedich.

Trefwurden: 
Drachten heien Riedhúsplein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)