Merk oldtimers ynstoarten

De hannel yn oldtimers hat in klap krigen troch de krisis yn kombinaasje mei de ynfiering fan it nije wegebelestingsyteem. Allinnich auto's dy't âlder binne as 40 jier binne noch belestingfrij. Dat wie foarhinne 25 jier.
De gefolgen binne net allinnich grut foar de partikulieren dy't sa'n âlde auto hawwe, mar ek foar de hannelers. Foar de echte oldtimers is gjin merk mear yn Nederlân. Ek de prizen fan de auto's kelderje bot.