Saak Nauta tiisdei behannele

© awfoto.nl
De saak fan Yvonne Nauta en team Liga wurdt tiisdei troch de geskillekommisje behannele. It reedrydteam giet yn berop tsjin it beslút fan de KNSB om Yvonne Nauta gjin oanwiisplak te jaan foar de 3 kilometer by de Olympyske Spelen yn Sotsji.
De ploech fynt dat Nauta ûnrjocht oandien wurdt. De reedrydster rûn in startbewiis foar de Spelen mis om't se fjirde waard op de 3000 meter. Dat kaam trochdat se hindere waard troch Linda de Vries.
De KNSB besleat tiisdei lykwols dat Nauta net yn oanmerking komt foar in oanwiisplak, om't se de ôfrûne twa jier net goed genôch prestearre hat op ynternasjonale wedstriden.