Varga nei SC Hearrenfean
SC Hearrenfean hat de 18-jierrige Szabolcs Varga út Hongarije foar 4,5 jier fêstlein. De oanfallende spiler komt oer fan MTK Boedapest. Hy makke dêr twa doelpunten yn acht wedstriden. Varga giet ek mei op trainingskamp fan Hearrenfean. De ploech giet sneon nei Portugal. In oare spiler fan Hearrenfean, Marco Papa, ferlit per direkt de klup. Hy kaam yn 2012 oer fan Chicago Fire, spile 13 wedstriden, mar skoarde nea.