Minder hazzen sketten

03 jan 2014 - 13:31

Der binne yn 2013 folle minder hazzen sketten yn de bouhoeke yn Noardwest Fryslân as it jier dêrfoar. Dat seit jager Jacob Swart fan Seisbierrum. It oantal hazzen yn Nederlân, en ek yn Fryslân, himt alle jierren ôf, mar Swart telde 30% minder hazzen en dat is in djiptepunt. Der wiene ferline jier krekt in hiel soad hazzen. De oarsaak is net bekend.

It soe komme kinne troch foksen en rôffûgels, mar ek it wiete waar soe meispylje kinne. Hazzen kinne min oer wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)