Fries yn realityshow

Der sit in Fryske dielnimmer yn it nije realityprogramma Utopia fan Endemol en SBS6. It giet om de 35-jierrige Peter Nuninga út Snits. Yn it programma moatte 15 dielnimmmers mei-inoar yn in jier tiid de ideale mienskip foarmje. Dat bart ûnder minimale omstannichheden. It programma is basearre op it boek Utopia fan Sir Thomas More. Dat giet oer it fiktive eilân Utopia dêr't alle minsken lokkich binne en yn harmony mei-inoar libje.
Peter Nuninga fertelt dat er yn syn Utopia amper regels binne. "Er is veel drank en veel feest en volop vrouwen. Maar, er moet ook hard gewerkt worden, want er moet een samenleving opgebouwd worden" sa falt te lêzen op de webside fan Utopia.