Aegon op syk nei adviseurs

03 jan 2014 - 12:01

Finansjeel konsern Aegon yn Ljouwert siket 30 nije allround hypoteekmeiwurkers. It giet om folweardige, fêste kontrakten. Dat seit wurdfierder Christoph Linke. Troch de groei yn de wenningmerk is der in soad ferlet fan personiel dat advisearje kin yn hypoteken. It winnen fan minsken is heal desimber úteinset. Der binne oant no ta al in soad reaksjes fan sollisitanten binnenkaam.

Trefwurden: 
banen ekonomy Aegon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)