Soarch oer rol boargemasters

03 jan 2014 - 11:24
  • Brânwachtauto

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân makket him grutte soargen oer de rol fan boargemasters by grutte rampen yn de provinsje. Mei de oergong fan de brânwacht nei ien provinsjale organisaasje bestiet der neffens him in soad ûndúdlikens oer wêr't no dalik de ferantwurdlikens leit as der wat mis giet. Is dan de baas fan de saneamde Veiligheidsregio Fryslân it oansprekpunt of binne it dochs de lokale bestjoerders? Ek is er benaud dat it kontakt tusken de gemeente en de frijwilligers fan de brânwacht minder wurdt en dertroch ek de bining ferdwynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)