Twa froulju ferwûne op L'dyk

Ambulânse © ANP
In 27-jierrige frou út Blije en in 63-jierrige frou út Hallum binne tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok op de Ljouwerterdyk by Hallum. It jongste slachtoffer botste achter op de auto fan de Hallumse. Dy kaam op de oare helte fan de dyk telâne. Dêr waard se noch in kear oanriden, troch in man fan 43 jier út Wenen.
Oer de ferwûnings fan beide froulju koe de plysje noch neat sizze.