Te hurd op de A6

03 jan 2014 - 08:38

Op de A6 fan De Jouwer rjochting De Lemmer is tongersdeitemiddei in Lemster fan 23 jier oan de kant setten omdat er 180 kilometer yn de oere ried. Op de A6 is 130 kilometer yn de oere tastien. De man waard trappearre troch plysjeminsken yn in ûnopfallende auto.

De Lemster mocht syn rydbewiis wol hâlde, want nei korreksje ried er krekt gjin 50 kilometer yn de oere te hurd. Hy krijt wol in proses-ferbaal

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)