Toertocht Earnewâld útferkocht

04 feb 2012 - 11:29

De organisaasje achter de toertocht op de Jan Durkspolder by Earnewâld ropt riders op net mear nei de start te kommen. Der binne yntusken trijtûzen kaarten ferkocht, de oare tûzen beskikbere kaarten wurde reservearre foar de minsken dy't no noch yn 'e file stean foar Earnewâld.

De tocht begûn sneontemoarn earder as bedoeld, omdat de earste riders harren ek folle earder melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)