Fertrouwen yn fúzje Littens

03 jan 2014 - 06:30
  • gemeentehûs Littenseradiel

De mienskipssin fan de 29 lytse doarpen fan Littenseradiel kin ek bestean bliuwe as de gemeente yn 2018 opgiet yn Súdwest-Fryslân, Ljouwert en it nije Westergoa. Dat sei boargemaster Johanneke Liemburg tongersdei yn har nijjierstaspraak. Neffens har is de spanning tusken mienskip en steat al ieuwenâld.

Wol is de needsaak foar de fúzje fan de gemeente grut, seit Liemburg. Dat gemeenten hieltyd grutter wurde, makket it ferlet fan in eigen identiteit ek allinnich mar grutter, fynt se. Se hat dan ek alle fertrouwen yn de weryndieling fan 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)