NK maraton giet troch

De maratonfroulju rieden ien rûntsje as earbetoan oan Sjoerd Huisman © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It NK maraton yn Dronten giet snein dochs troch. Dat hat it reedrydbûn KNSB bekend makke, nei oerlis mei de famylje fan Sjoerd Huisman. De 27-jierige maratonrider ferstoar moandei oan in hertstilstân. Neffens de KNSB wurdt de sfear fan it evenemint wol oanpast. Sa is der in minút stilte foarôfgeand oan de wedstryd en sil der in eareronde hâlden wurde. Ek binne der inkele taspraken.