Ried Ljouwert ynstallearre

02 jan 2014 - 17:22
  • Gemeenteried Ljouwert
  • Ynstallaasje gemeenteried Ljouwert

De nije gemeenteried fan Ljouwert is tongersdei ynstallearre. De gemeente Ljouwert is fan dit jier ôf in stik grutter wurden troch de gemeentlike weryndieling. De gemeente hat der ferskate doarpen bykrigen. De nije riedsleden moasten de eed ôflizze yn it gemeentehûs.

Der komme tydlike wethâlders dy't foar oardel moanne aktyf bliuwe, yn ôfwachting fan de foarming fan it nije kolleezje. Opfallend is dat de gemeente Ljouwert mei de ynstallaasje fan de ried ek ien fan de jongste riedsleden fan it lân hat: Britt Hendrix fan de PvdA. Se is 18.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)