Van der Haar wint mei oermacht

02 jan 2014 - 15:46

Lars van der Haar hat tongersdeitemiddei de 19e Sintrumcross yn Surhústerfean op syn namme skreaun. De 22-jierrige Nederlânsk kampioen stuts de lêste tiid al yn poerbêste foarm. Van der Haar wûn de ôfrûne wiken mar leafst trije wrâldbekerwedstriden. Ek yn Surhústerfean wie er oppermachtich.

It twadde plak gong nei Thijs van Amerongen út Vorden. Mike Teunissen fan IJsselsteyn kaam as tredde oer de einstreek op De Kolk. De iennige Fries dy't yn aksje kaam wie Gosse van der Meer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)