Vos wint har 6e Sintrumcross

Marianne Vos hat tongersdeitemiddei de Sintrumcross fan Surhústerfean wûn. Vos ried de konkurrinsje op grutte achterstân. It is de fjirde kear op rige dat Marianne Vos de Sintrumcross wûn hat. Yn totaal hat se de race al seis kear op har namme skreaun. Op grutte efterstân fan Vos waard Yara Kastelijn twadde en Lucinda Brand tredde.
Vos hat har foarm wer te pakken en ried har no ta op it Nederlânsk kampioenskip fjildriden op 11 en 12 jannewaris yn Gasselte. Dêrnei folget it wrâldkampioenskip op 1 en 2 febrewaris yn Hoogerheide.