Mear jongeren nei buro Halt

02 jan 2014 - 12:43

De ôfrûne wiken binne der mei-inoar 45 jongeren út Fryslân nei Buro Halt stjoerd. Dat is mear as yn lêste jierren, mar dochs is it buro te sprekken oer de tanimming. Hjirtroch kinne der neffens it buro mear jongeren oansprutsen wurde op de gefaren fan fjoerwurk.

It grutste part fan de jongeren is yn de rin fan desimber al by Halt terjochte kaam. Benammen it ôfstekken of yn besit hawwen fan yllegaal fjoerwurk soarge foar in soad ferwizings.

Trefwurden: 
buro Halt fjoerwurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)