'Natoer hat noch net te lijen'

02 jan 2014 - 12:30

De natoer hat op dit stuit noch net in soad te lijen fan it ûngewoan waarme waar. Mar as it sa troch giet, kin it lykas twa jier lyn behoarlik mis gean. Dat seit boskwachter Roel Vriesema fan Steatsboskbehear.

Twa jier lyn wie it ek behoarlik waarm yn 't begjin fan de winter. Dêrnei waard it yn febrewaris lykwols dochs noch hiel kâld. Wannear't beammen en planten ynienen omskeakelje moatte fan it waarme maitiidswaar nei it kâlde winterwaar, friest der it ien en oar stikken.

Boppedat hat Steatsboskbehear yn natoergebiet De Deelen in probleem wannear't der riden wurde kin. Trochdat der achteryn it natoergebiet wurke wurdt, farre meiwurkers safolle hinne en wer dat de petgatten ditkear mar dreech tichtfrieze sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)