Manlju fêst yn heechwurker

02 jan 2014 - 11:35

Twa manlju hawwe tongersdeitemoarn inkele oeren fêstsitten op 45 meter hichte yn in heechwurker yn Snits. De manlju wienen yn de Smidstrjitte dwaande mei wurk oan in tillefoanmêst, doe't de heechwurker mei in steuring te krijen hie.

De brânwacht hat besocht de twa manlju nei ûnderen te heljen, mar harren heechwurker wie te koart. Uteinlik hat in monteur de kraan wer oan de praat krigen en koene de 'slachtoffers' befrijd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)