Nije namme: GB Hearrenfean

02 jan 2014 - 10:50

Gemeentebelangen Hearrenfean giet fan no ôf fierder ûnder de namme GB Hearrenfean. De partij wol mei de namme in frisse start meitsje. Ferline jier kaam de partij yn it nijs om't wethâlder Age Hartsuiker fertroulike stikken nei syn riedsfraksje stjoerd hie. Dy kamen by de Ljouwerter Krante telâne.

Hartsuiker en it lekkende riedslid Dirk Tuithof komme net wer werom yn de fraksje fan GB. De partij hat sûnt de ferkiezings fan novimber fjouwer sitten en sit net mear yn it kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)