Ferhuzing merk yn Drachten

02 jan 2014 - 10:27

De merk fan Drachten is fan tongersdei ôf net mear op it Molenend, mar op de Markt. It giet om tydlike ferpleatsing, want kommende maitiid ferhuzet de merk nei syn definitive plak op it nije Riedhúsplein. De merkkeaplju moatte dus twa kear yn in koart skoftke tiid ferhúzje.

Dat betsjut dat se twa kear harren ferkeapynrjochting oanpasse moatte. De keaplju hawwe dat der wol foar oer, omdat se in soad ferwachtsje fan de nije lokaasje. Op tongersdei steane der sa'n 10 keaplju op de merk, op sneon binne dat der goed 30.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)