Undersyk nei autobrân Drachten

02 jan 2014 - 09:35
  • Plysje-embleem

De plysje start een ûndersyk nei de oarsaak fan in autobrân yn de nacht fan woansdei op tongersdei oan de Melkkelder yn Drachten. In meiwurker fan in befeiligingsbedriuw seach de brânende auto en warskôge de brânwacht. De befeiliger hold de boel ekstra goed yn 'e gaten nei eardere brânen yn de wyk De Trisken.

De auto gie troch de flammen ferlern. In 42-jierrige ynwenster fan Drachten hat oanjefte dien. De plysje slút brânstichting net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)