Oppakt nei poging ta deaslach

02 jan 2014 - 08:10

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling op de Vlaslaan yn Beetstersweach yn de nijjiersnacht. In 25-jierrige man fan De Gordyk grypte dêr in frou fan 22 jier út Beetstersweach nei de kiel en skopte en sloech har.

De twa hienen relasjonele problemen. De man is letter oppakt. Hy wurdt fertocht fan poging ta deaslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)