Heal miljoen fûgels teld

02 jan 2014 - 06:45

In ynternasjonaal selskip mei ûnder oare Romke Kleefstra fan De Ulesprong hat foar de kryst minimaal in heal miljoen fûgels teld yn it Arabyske Oman. It lân leit neist Jemen en hat oan de kust in soarte fan Waadsee. Dêr lûke in hiel soad fûgels trochhinne. De Mongoalske wilster en de bûnte gril waarden it meast teld.

De minsken dêr binne net it meast ynteresearre yn fûgels; fisken en sûchbisten fine sy wichtiger. Neffens Kleefstra is it 'Waad' dêr hartstikke ryk oan libben yn fergeliking mei ús Waadsee.

Trefwurden: 
fûgels Oman Romke Kleefstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)