Huzen útbaarnd yn Frjentsjer

By in brân oan it Noarderbolwurk yn Frjentsjer binne sneontemoarn twa huzen útbaarnd, in tredde rekke swier beskeadige troch bluswetter. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. De bewenners koene der op 'e tiid útkomme.
By it blussen waarden korpsen út Frjentsjerteradiel en Harns ynset. Dy brûkten ûnder oare in heechwurker. Om oan bluswetter te kommen, moast earst in wek slein wurde.