Hessel van der Wal ferstoarn
Yn syn wenplak Bakkefean is kabaretier Hessel van der Wal ferstoarn. Van der Wal begûn as programmamakker by de RONO, de foarrinner fan Omrop Fryslân. Letter gie er de kabaretkant op, wêrby er sels op it toaniel stie mar ek teksten skreau foar oaren. It giet dan ûnder oare om Fons Jansen. Van der Wal, dy't longkanker hie, is 73 jier wurden.