Oanhâldings yn de provinsje

© ANP XTRA
De plysje hat yn âldjiersnacht yn Harns in 31-jierrige man út Leek oanhâlden. Hy wie in kroech útset fanwege ferfelend gedrach, mar bedrige dêrop de portiers. In jonge fan 17 út Appelskea is oanhâlden nei't er in oare 17-jierrige yn it gesicht sloech, dy rekke dêrby ferwûne. Twa Frjentsjerters fan 20 en 22 binne oanhâlden, om't se op it Ljouwerterein spegels fan auto's ôftrapen. In 36-jierrige Ljouwerter is twa kear achterelkoar trappearre mei drank op achter it stjoer, hy is syn rydbewiis en syn auto kwyt.