Fryske taalwet no offisjeel

© ANP
De Fryske taalwet is sûnt nijjiersdei offisjeel fan krêft. Dêryn is regele dat it Frysk en it Nederlânsk de offisjele talen binne yn Fryslân. Wetlik stiet no fêst dat Friezen it rjocht hawwe de eigen taal te brûken yn de rjochtseal en yn kontakt mei bestjoersorganen. Dy bestjoersorganen moatte tenei ek regels opstelle en in beliedsplan meitsje foar it brûken fan it Frysk. Der is ek in nij Orgaan foar de Fryske taal ynsteld. Dat hat as wetlike taak om it Frysk te beskermjen en te befoarderjen.