Oranjewoud hyt no Antea Group
It advys- en yngenieursburo Oranjewoud giet fan nijjiersdei ôf fierder ûnder de namme Antea Group. Reden foar de nammeferoaring is dat it bedriuw al in skoft ek festigingen yn it bûtenlân hat en foar al dy festigingen deselde namme ha wol. De namme Oranjewoud wurdt fan no ôf allinne brûkt foar Oranjewoud NV. Dêr falle ûnder oare de Strukton Group en de Antea Group ûnder. Der wurkje oer de hiele wrâld 3500 minsken by it bedriuw.